Praatsje oer de stage
Omdat it blykbaar tefolle oer myn amazon giet, neffens sommigen, mar efkes tuskentroch wat oer de stage. En omdat wij moarn op fakânsje gean, het it net safolle nut om no mei wat nijs te begjinnen, dus dan mar wat sinnichs type op de ynternetside.
Wij rinne dus stage bij it bedriuw Gislotica yn Perafita, in soart fan bij-stêd fan Porto. Úse opdracht is om in machine te herontwerpen sadat er simpeler, steviger op sommige plakken, en minder woest grut op oare plakken. Wij moatte in machine meitsje die at bijfoarbyld brânblussers, as dûkflessen fan keunststof makket. Dit docht hij troch oprolle stroken carbon as glêsvezel troch in bad mei hars te heljen, en dêrnei om in mal hinne te wikkeljen. De Nederlânske namme is ek glasvezelwikkelaar. Yn it Ingelsk is it in filament winder.
Op dit filmke is te sjen hoe it wurket. http://www.youtube.com/watch?v=3opzktClUn8&feature=related
Op de skoalle wêr't wij no officieel sitte, ISEP, stiet al sa'n machine. Dizze is makke troch it bedriuw Pulltrex. Dizze machine wurket mei it systeem fan de hars en de glêsfezels. Op de skoalle hebbe se no wat nijs útfoent, dat wurket net mei hars, mar mei in troch waarmte hurd wurdende soart plastic. Oan dizze machine hebbe se in grutte ferwaarmings ynstallaasje hongen, en dêrmei binne se oan it expirimenteren gient. No at it systeem wurket moat der in machine komme die it folle swierdere ferwaarmings element hâlde kin. En toch op snelhyd wurkje kin. De baas fan Gislotica is part-time leraar op ISEP. Dat hij het der foar soarge dat wij die machine foar syn bedriuw úttekenje kinne. Sa bin we dus oan úse stage opracht kommen.
Bliksem, frysk, Ik gean net wer alles deleten, dat gean moai troch. Foar minsken die at it net lêze kinne is it gjin probleem. Ik gean in wyke op fakânsje, dat jimme hawwe 1 wyke om út te fynen wat der no eins stiet.
Wat hebbe wij oant no ta dient,
East bin we in wyke dwaande wist om út te sykjen wat we dwaan moatte. Dat waard freeds bekend. Dêrnei bin we in wike dwaande wist mei it leren fan in nij tekenprogramma, Solidworks. En we hebbe ynformaasje opsocht oer it glasvezel wikkeljen proces. Wij binne starten mei it útfynen wat sa'n machine no eins dwaan moat, hoe snel it moat gebeure en wat foar krachten der op komme. Dat is net makkelik, en dêr bin we noch steeds net hielendal achter. Mar dat komt noch wol, neffens de baas. Wij moatte de besteande machine as foarbyld brûke. Dat we hebbe gelokkich al in idee hoe it der op it ein ûngefear út moat komme te sjen. It moeilikste diel dat is it meitsjen fan alle ûnderdielen en it bepalen wat sterk genôch is en wat net. Omdat myn foarige stage bij in bedriuw wie wat allinnich mar grof spul makket, is dit hast allegjir nij foar mij. Nauwkeurigheden en ûnderdielen die at allegjirre spelingsvrij moatte wêze, precisie geleidingen mei nauwkeurigheden fan tûzendsten milimeters. Dat wie bij Bylsma wol oars, alles rom yn de gatten en goed speling, want oars passet it toch net, en we laskje it wol ticht. Dat wie it motto dêr wat. Dat is hjir wol oars. Dat is wol leuk, sa wiest asen in bytsje wat fan beide útersten.
Ús machine moat 6 assen hebbe, 1 om de mal te draaien, 1 foar hin en wer gean, 1 foar op en del, 1 foar nei foaren en achteren, 1 foar it roteren fan de kop, en de roterende kop sels. Is op dit filmke wol goed te sjen http://www.youtube.com/watch?v=QS3OFdKoGdw
Wij hebbe onderoaren de opdracht krygen om safolle mooglik te keapjen en net sels te meitsjen. Mar dat slagget fansels net. Sa bin we dwaande wist mei it betinken en tekenjen fan lagerhûzen, pleatsen fan servo motoren, útsykjen fan geleidingen en it fêstmeitsjen dêrfan en gean sa mar troch. Ek it leren hoe at se bij dit bedriuw in tekening opsette, it gebrûk fan kleuren en it yndelen fan de onderdelen is wer hielendal oars, dus dat moat ek enorm wenne.
Ek bin we gou ris yn de wurkpleats, as se wer wat nijs makke hebbe, moat wij dat ek sjen, en fertelle se wêrom se dingen op die manier dient hebbe, sadat wij dêr ek wer fan lere. Dat is wol ynteressant, want sa dom binne die Portugezen net yn it betinken. Se meitsje dingen sa dat se der self sa min mogelik oan hoeve te dwaan. Net omdat dat goedkeaper is, mar omdat se gewoan lui binne, neffens mij. De baas sei ris sa iets fan, jimme binne hjir net om safolle mooglik dingen te meitsjen, mar om safolle mooglik te leren. Dat is net in ferkearde ynstelling foar in stagebaas heb ik it idee.
We binne no safier dat we alinnich it systeem die at de vezels fêsthâld noch moatte betinke, en dêrnei kinne we alles opnij besjen, dingen feroarje, en fjirder út tekenje. Dêrnei as de baas it der ek mei iens is, 2d wurpleats tekeningen der fan meitsje sadat it nei bedriuwen kin die at onderdelen meitjse, en sadat se it yn de wurkpleats ymekoander kenne sette.
Foardat it wer in enorm lang ferhaal wurd, hâld ik it hjirre mar wat bij, sa hebbe jimme yn els gefal in idee wat wij hjir an nuttige dingen doche. Dus sneupe op ynternet foar onderdelen, yn de wurkpleats dingen lere, de machine tekenje, nei Portugeze lessen 2x per wyke, en de Portugeze keuken ontdekke yn it restaurant wêrt wij elke dei hinne gean.
Reacties
Reacties
Fkes yn't algemien:
Rare jongens... Die Portugezen
Reageer
Laat een reactie achter!
- {{ error }}