wykein nei lissabon
De Belgen en wij heiden it idee om nei Lissabon te gean, omdat is sa'n moaie stêd soe wêze. Nei in soad beljen en e-maile kamen we der achter dat einliks alles fol siet. Omdat der in grut mounainbike evenemint yn de stêd wie. Mar op de stêdscamping wienen noch bungalows te huur. Dat koste 71 euro deis. Ast dat deelst troch 5 man dan falt dat best mei. Dus santes mar reserveerd. We binne der mei de dodge hinne setten fan Joachiem. De 6 cilinder (ik wie swier yn de war, it is helemaal gjin v8, mis no) op 140 op de cruisecontrol en gean. Foardat we fuort setten noch efkes de cover, oftwol de afdekplaat op de pickup plaatst. Die hieden se der ôf helle, en op hun parkeerplak ûnder hun appartement leint. (se kinne dêr net mei de auto komme, dat passet wer ris net) Mar toen we dêr mei bezig wieden kamen we der achter dat de buorman der oerhinne wie ryden. Dus die passe net mear. Mar nei wat gepruts it soadsje wer sa kriegen dat er wer ticht koe. De hinnereis wie net sa spannend, alinnich it parkeren op de camping, wat natuurlik wer net passe. Sa'n woeste dodge het natuurlik 4x4, dus dan dêr mar gebrûk fan meitjse. De midjes metien mar de stêd ferkend, mei de bus der hinne, en terraskes opsocht. Efkes wat ieten opsneupt. Toen kamen we der achter dat der it feest fan lissabon wie die deis. Oeral bier te krijen op strjitte, en grilde sardines. Dêr hebbe we mar goed gebrûk fan makke en sa binne we in moai stik fan lissbon troch wist. De jûns waardeloos sliepen, want it wie 80 keer te waarm. Sneons binne we nei it akwarium wist. Oceonarium ofsa. Dat wie best wol leuk, en grut,en in bult swemmend spul. Dêrnei binne we de hele stêd troch wist fan terras nei terras. Dat wie best wol swier wurk. Jûns binne we nei ien as oar raar restaurant wist. Dêr wieden se sa lui dast dyn eigen foer nog gear bakke moest. Se neamden dat fonduën. Arjen en ik hieden de fisk skotel der yn smyten en dat smakke mar best. Dêrnei binne we nei it útgangs gebied ûnder it grutte hangbrugzwijn wist. Dat sit dêr fol terraskes, en dêr hebbe we ús best fermakke. Op it lêst binne we eindige yn in karaoke bar. Mar nee, ik heb net sjongt, fjirstens tefolle ramen yn dat gebouw, en se hieden it frysk folkslied net. Dêrnei de taksje yn en mar de camping wer opsocht. De deis dêrnei reinde it yn Lissabon, en toen hebbe we mar beslúten om nei in oar plakje te gean, wêrt it warksynlik net reinde. Dat kloppe ek nog. Dêr hebbe we de oceaan efkes doppe en toen binne we werom ryden nei Porto.
Dat wie it wykein wol sa'n bytsje.
Reacties
Reageer
Laat een reactie achter!
- {{ error }}