amazonynporto.reismee.nl

wer in ferhaal

De wike dêrop, sil wike 15 wist wêze, hebbe troch de wike blykbaar weinig leuks dient, want ik wyt der niks mear fan. It wykein wyt ik noch wol. Freeds moesten we fan Omayra (de freondinne fan Michiel) komme te ieten. Dat wie de foarige kear ek super, dus dat kin wol wer. Der wie in ein klear makke, in echten ien, in ein, mei salade en ierdappel puree en iis toetsje nei. Dat smakke wer enorm goed. Ek soeden we noch fuort, mar omdat it wat lang duorre wieden we alligjirre wat wurch en troch de Belgyske bierkes ek wat te fier hinne. Desneons hieden de Belgen de stêd wat ferkend, en wieden in Iirsh-pub tsjin kaam. Dus wij waarden optrommele om dêr ek hinne te gean. Fantefoaren soeden we bij ús noch wat drinke. Hiel de supermakt fol mei spul, mar gjin normaal bier. Allinnich mar liter flessen bier. Dus dêr mar aantal fan meinommen en yn de friezer stoppe. Jûns lekker bier dronken bij ús thús, en dêrnei nei de Irish-pub, wêr't se ek Belgysk bier ferkochten. Dat is toch wol lekker. Efkes ferjitten dat soks der wol yn hakt, dus sneins net in soad dient.

Lukasz syn neef is op visite wist foar in wyke. It is wat in nûver figuur, super ferlegen, mar opsich wol aardich. Hij is op tiisdei te midje ankommen, en het earst 3 liter bier opsopen, en dêrnei is der op bêd gient. Om itenstiid is hij der wer ôf kommen in is vrolijk fjirder gient mei drinken. Want it wie de 21, en dat betekene dat Arjen jierdei wie. Hielendal ferjitten om úse avonturen fan de deis te fertellen. It begon al moai, mei it bestellen fan gebak, bij net Ingelsk sprekkende minsken. Mei hannen en fuorten hebbe we 12 stijes gebak mei krygen foar op it wurk. Flak foar de pauze soeden we dat op peuzelje, mar toen sei de baas, Did you bring champagne? Nee tuurlik net, it is noch lang net âld en nij. Mar dat is blykbaar de manier fan jirdeis fieren yn Portugal. Dus de baas nei it restaurant om champagne. Toen dat opdronken en ieten, de earsten styngen al te skommeljen fan de drank. Portugezen kinne net drinke. Woansdeis soe Lukasz klear wêze mei syn skoalle, mar hij is super lui, dus dat slagge net. Dat Lukasz syn neef het eins net folle fan de stêd sjen kinnen. Tongesdei en freeds wie it itselde ferhaal. Freed te jûns binne we nei de belgen wist, alwer. Dis kear moesten de Poalen ek mei. Wer 1 grutte fretterij wurden. Belgysk stooffleis mei patat en smots. En as foargerecht fruta-di-mare, better bekend as seefruchten. Der wie mear as genôch. Oan it hoofdgerecht hielendal ferfretten, en toen ek noch in toetsje. Dêrnei mar fan skrik oan it pokerjen wist.

Sneons hieden we it feestje fan Arjen syn jierdei, en fan Lukasz syn ôfskied. Lukasz hie in grutte amer fol minsken útnoege, mar der kaam mar 1, die fan de jungle. Fan Arjen syn kant allinnich de Belgen. De hele jûn oan it drinken slein, en letter nei in diskoteek. Villa Rapida, de grutste meast waardeloze pruts negertent fan hiel Porto. De muzyk wie wer ris net út te stean, en de drank djoer. Nei dat grutte feest in taksi opsocht, en thús wer oan it drinken sleint. Arjen gieng metien op bêd, folge troch George (de bliuw bij ús sliepen) Lukasz gieng nei in tiidsje sjongend op bêd, toen siet ik allinnich mei syn neef. Die het in better trainde maach as mij, dus hij bliuw as letste sitten. De sneins hjir nei moai brak de hele dei film sjoend en nei de Sinees wist om ieten. Letter binne we noch mei de neef fan Lukasz, George en in pear kennissen fan George te wynpriuwen wist. Dat wie opsich wol gesellich, mar ik wie mei de auto dus koe net safolle priuwe. It priuwen is trouwens gratis, ynklusyf in toer troch de wynkelders. Lukasz wie net mei, die moest noch mei skoalle bezig sei der, wol sneu, syn neef het troch him eins niks fan de hele stêd sjoent. Moandeis is de neef fan Lukasz nei it fleantúch gient, en tiisdeis hebbe we Lukasz op it fleantúch smyten. Dus fan ôf no binne we mei sy'n 2en yn it lege appartement. Dizze hele wike waard myn gasferdamper steeds minder, dus dat krijt noch wol in sturtsje.

Reacties

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!