Queima das fitas. feest
Ik ferjit hielendal ferhaaltsjes te meitsjen. Ik wyt lang net alles mear, dus dan mar in opsomming fan wat ik noch wol wyt. Datums en wyk nûmers bin ik ek al kwyt, lykje wol in Portugees. Ik sil it yn gedeeltes dwaan.
De wyke dat Arjen syn âlders der wieden hieden wij wer ris fakânsje. It Queimas das fitas wêrt ik it al earder oer hie. Tiisdei te jûns binne we der hinne setten. Bij de entree moest iederien fouilleert wurde. Wij hieden niks mei, mar it apparaat piepte wol bij de sleutels. No is it sa das't yn Nederlân gjin grutte opbjecten mei meist nimme om mei te slaan. De 4e ier studinten (ôfstudeerders) hebbe allegjirre in grutte hêge hoed op, en in wandelstok fan hout, yn de kleur fan hun skoalle. Dat mei alligjirre mei nei it feest, rare Portugezen.En mar piepje bij myn hûs sleutels.
It feest. It is 1 grut feest terrein. Mei 1 grut iepenloft podium en 1 tinte. Fjirders noch in oantal attraksjes en fretterij tinten. (ek 1 wêr't se baarch an it spit hieden. lekker spul) It bier moest kocht wurde fanút lytse selsmakke hutsjes fan 3e iers studinteferienings en klassen fan alle universiteiten yn Porto. Dat is tradysje dêr, sa fertsjinje se jild foar in reis yn it 4e ier. 1.25 foar in heale liter, dus jimme hoege net te freegjen hoe it eindige. Op it grutte podium wie in Portugese folkssanger, wêr't alle Portugezen vrolijk op mei sjongen en hin en wer beweegden. Mar wij snapten der niks fan en akkordeon muzyk is no ek net echt ús ding. Dat mar nei de feesttinte, gjin hasses. Giet best, mar dêr toch wat bliuwen en ús self wat fermakke mei hielendal niks. Dêr aardich wat bier nei binnen krigen, folle leuker en lekkerder dat we mei de belgen op paad binne. Gjin raar sterk spul fan de Poal. Lettermar wer ris bij it podium sjen. Ûnderweis mar efkes in stik baarch nei binnen ta wurke. Bij it pordium ankommen wie it nochsteeds dik feest, en wij hebbe mar moai wat mei deinst. Op in gegeven momint wer werom nei de feest tent, wer gjinien. Letter toch wat folk, en toen ieniens gjin ljocht en muzyk mear. Sil in oer as 3 wist wêze. Hele evenement sûnder stroom. Selfs nei 3 ketier net mear, dat els en ien gieng nei hûs, dat wij ek.
Sneon te jûns bin we der wer hinne setten, toen wie der wol in bekende artyst, in Ingelsman mei in gitaar. Kin him net, mar wol leuke muzyk. Wer net te min bier hân en baarch. Yn de feesttint draaiden se ek leuke muzyk. Dêr belânen we an de bar, neist in groep dronken Portugeeskes. Dat wie wol grappich om nei te sjen. Op in gegeven momint dondert der in glês bier om, oer 3 fan ús 4 hinne (hij dondere best wol fier horizontaal sis mar) 1 hiel lyts Portugeeske hie it dient fansels, en die wie mar wat sorry en dronken tagelyk. Dat wij allegjir bier fan him. Makke ús fjirders niks út, hij dieng it net mei opsetsin, mar bier is bier. Letter de beste knaap wer tsjin kommen en toen him mar in bierke jûnt. Wol flauw eins, want hij seach der net út dat hij noch 1 bierke op koe. Tiidens in rûntsje baarch heljen kamen der wol 3 ambulances foarbij, oer in feest terrein. Dat fûnen wij allegjir mar wat raar. De teller stieng op it ein fan de jûn op 8. Safolle heb ik yn totaal noch nooit op alle evenementen bijelkoander sjoend. Ek in hiele bult stom dronken Portugezen die mar wat tsjin lekkende dixie's an sieten yn in oar syn stront en pis of foar dea op srjitte leinen mei in bult hele drokke, paniekerende oare minsken der omhinne. Dat efeks tuskentroch, wij giengen noch efkes oer it terrein swalkjen, wat bierkes meinimme en toen mar ris in taksje opsocht. Want der kaam ek alwer wat ljocht te foarskyn.
Dat der safolle dronken, siike, kapotte en brutsen, heal deade Portugezen op it feest wieden, kaam (neffens minsken op it wurk en de leraar Portugees) troch dat de Portugese jeugd eins nooit echt goed út giet. Sneon te jûns wol wat alkohol, mar absolut net tefolle. Dat mei net fan de âlders, welke yn Portugal fjirstens te streng binne. Dit feest is de ienige kear dat se echt los gean, en de helft flean dan dik oer de limiet en stiet al snel raar op de kop. Toen wij fertelden dat wij net in spesjaal feest noadich hebbe om goed dronken te wurden, dan foen men dat mar appart. Dit feest queimas des fitas, wie ek it hichtepunt fan de studentenfeesten yn Porto. Mar wij foenen dat dit net echt in spesjaal feest. Want bij elk tentfeest yn Fryslân kinne je sokke tafrelen sjen, mar dan mei minder ambulances. Mar evengoed in leuk feest.
Folgjende ferhaal komt der ek oan
Reacties
Reacties
bier, baarch, dronken portugesen en nog meer bier, klinkt leuk:P
Reageer
Laat een reactie achter!
- {{ error }}